Hantekeningen set foar universitêre Campus Fryslân

17 feb 2016 - 17:08

Folle mear jonge Friezen moatte in universitêre stúzje folgje. De nije Campus Fryslân fan de Universiteit Grins moat it harren makliker meitsje om yn Ljouwert op universitêr nivo te studearjen. Op it Provinsjehûs binne woansdeitemiddei hantekeningen set foar dizze 'alfde fakulteit' fan de Ryksuniversiteit Grins.

Yn gearwurking mei oare ynstituten, lykas Wetsus, kin de Campus Fryslân no al trije masterstúdzjes oanbiede op it mêd fan wetter, enerzjy en meartaligens. Binnen in pear jier komme der sân masterstúdzjes by.

De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert ynvestearje tegearre mear as 20 miljoen yn de Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins. Op 1 april sil foar it earst in studint oan de RUG/Campus Fryslân promovearje. It giet dan om in Spaanske promovenda fan de Wetsus Academy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)