Hantekeningaksje foar behâld âlde bankjes op De Lemmer

13 maaie 2015 - 18:19
  • De rûne leagenbankjes by de brêge foldogge it bêst, fine se op De Lemmer

Alderen op De Lemmer binne mei in hantekeningaksje úteinset om de bankjes dy't no yn it sintrum stean, te behâlden. De gemeente wol de bankjes dy't yn in rûnte stean fuorthelje en der rjochte bankjes foar yn it plak sette. Op dit stuit wurdt it sintrum fan De Lemmer opknapt troch de gemeente.

Twahûndert hantekeningen binne woansdeitemiddei al ynlevere by it servicepunt fan de gemeente De Fryske Marren op 'e Lemmer. Wethâlder Van der Pal sil it foarstel fan de âlderein besjen as in grutte groep echt wol dat de rûne bankjes bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)