Hantekenaksje yn Frijheidswyk

17 aug 2004 - 12:34

De bewenners fan 'e Frijheidswyk yn Ljouwert roppe gemeente en wenningbou- korporaasje op om aksje te ûndernimmen tsjin it tanimmende geweld yn 'e wyk. Inkelde bewenners ha in brief opsteld dy't se ûndertekenje litte wolle troch safolle mooglik buertbewenners.

Wenbedriuw Korporaasjeholding Fryslân lit as reaksje witte de hierders yn de wyk stranger kontrolearje te wollen. Dat is ien fan de oplossingen om de wyk sa gau mooglik wer leefber te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)