Hantekenaksje tsjin UMTS-mêst

03 jul 2006 - 11:36

Koos Veltman fan Winsum is in hantekenaksje begûn tsjin de bou fan in hege UMTS-mêst yn it doarp. Der stiet no ek al sa'n mêst yn Winsum. Veltman seit dat hy siik wurden is troch de strieling fan dy mêst. De twadde mêst moat komme op it terrein fan it leanbedriuw yn it doarp.

De aksjefierder oerlanget fan 'e wike 50 hantekens oan it gemeentebestjoer fan Littenseradiel. Oft de gemeente de bou tsjinhâlde kin is twifeleftich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)