Hantekenaksje SP foar Waad

04 aug 2004 - 12:44

De Soasjalistyske Partij, de SP, sil de kommende wiken hantekens ynsammelje tsjin de kabinetsplannen foar gaswinning yn de Waadsee. Neffens de partij sil natuergebiet ferdwine troch it boarjen nei gas.

It kabinet naam begjin juny it beslút om gasboarrings ta te stean. Se folgje dêrmei it advys fan de kommisje Meijer. Dy stelt dat boarjen nei gas net foar ûnwerstelbere skea soargje sil. De SP begjint sneon yn Harns mei de aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)