Hantekenaksje gefaarlike sleat

25 maaie 2010 - 15:32

Ynwenners fan Boelensloane hawwe in hantekenaksje op tou set, omdat se net tefreden binne oer it útdjipjen fan in sleat. Der stiet gjin beskerming om de sleat hinne en dat kin benammen foar bern gefaarlik wêze. Ferskate âlden hawwe dat oan 'e gemeente Achtkarspelen witte litten . It útdjipjen wie nedich omdat der geregeld wetteroerlêst wie. De aksjefierders wolle dat de gemeente wat docht om foar te kommen dat bern yn de djippere sleat bedarje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)