Hantekenaksje foar postboade

19 maaie 2005 - 08:36

Bewenners fan de wyk Camminghabuorren yn Ljouwert binne in aksje begûn om 'har' oerpleatste postboade Frans van Nimwegen werom te krijen. Neffens de bewenners is er net allinnich postboade, mar ek 'buertheit' en in soarte fan wykagint.

De bewenners wolle dat postbedriuw TPG Van Nimwegen werom hellet nei de wyk. Neffens har soarget er foar sosjale kontrôle. Se binne no in hantekenaksje begûn om TPG ûnder druk te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)