Hansma stapke heger by It Fean

26 mrt 2011 - 14:41

By Sportklup Hearrenfean is technysk manager Johan Hansma per direkt promovearre ta technysk direkteur. Hansma krijt dêrmei sizzenskip oer it earste alvetal en de medyske stêf.

Mei Chris Mulder, Gerard Brinkman en Wino de Jong binne der boppedat trije nije leden foar de ried fan kommissarissen beneamd. Sy ferfange âld KdK Loek Hermans en Klaas de Leeuw fan boubedriuw Van Wijnen dy't noch oant novimber sitte as de jiersifers fan dit fuotbalseizoen goedkard binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)