Hansma makket de tsien fol

14 feb 2003 - 00:00

Sportklup Hearrenfean en spiler Johan Hansma binne it iens wurden oer in nij kontrakt foar ien jier. Dêrmei spilet de 33-jierrige ferdigener út Emmeloord takom seizoen syn tsiende jier foar de betelle fuotbalklup.

Hansma kaam healwei it jier 1993-1994 fan FC Zwolle nei Hearrenfean ta. Yn totaal hat er 218 kompetysjeduels foar Hearrenfean spile. Dêryn makke er 15 goals. Hansma stiet nei in lange blessuere wer geregeld yn de basis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)