Hansma fuort by SC Hearrenfean

13 sep 2013 - 15:54
  • Johan Hansma

Johan Hansma en Joost Steppé ferlitte Sportklup Hearrenfean per direkt. Se makken diel út fan de foarige direksje, ûnder lieding fan Robert Veenstra, dy't earder al opstapte. Hansma wie 19 jier aktyf by sc Hearrenfean, earst as fuotballer, letter as bestjoerder.

De posysje fan de direksje wie net mear hâldber nei de útkomsten fan it ferneatigjende ûndersyksrapport dat yn july útkaam. De kommisje Vaessen/Koopmans ljochte yn dat rapport de klup(lieding) troch en kaam ta de konklúzje dat der gjin draachflak foar it bestjoer wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)