Hans Wiegel adviseur Kooyenga

11 okt 2011 - 10:51

Hans Wiegel is de nije adviseur fan de Kooyenga Groep yn Dokkum. It bedriuw wol gebrûk meitsje fan de ûnderfining en kontakten fan Wiegel. It detasjearringsbedriuw wol him yn de takomst mear rjochtsje op advizen oan oerheden en dan foaral gemeenten.

Wiegel wie earder kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân, minister fan binnenlânske saken en foarsitter fan de VVD-fraksje yn de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)