Hans Lolkema sterkste man

01 apr 2007 - 21:26

Hans Lolkema fan Sleat is snein yn Dokkum Sterkste Man fan Noard Nederlân wurden. Hy wie op alle fiif ûnderdielen de sterkste en waard dêrtroch mei oermacht kampioen. It poadium wie fierder folslein Frysk. Twadde waard Arno Louwsma fan Boalsert. Op it tredde plak einige Sjoerd van der Veen fan Sweagerbosk.

Foar de oerwinning moast Lolkema ûnder oaren in frachtwein fan 9 ton lûke en in beamstam fan 85 kilo tille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)