Hans Konst ferlit de provinsjale polityk

25 nov 2015 - 18:47
  • Hans Konst

Hans Konst giet út de Steaten. De PvdA-er nimt nei hast tolve jier ôfskied fan de provinsjale polityk. Mei yngong fan takom jier sil er as dokter âldereingenêskunde oan it wurk by Meriant yn Wolvegea en op It Hearrenfean. Yn 2009 waard Konst deputearre nei it ferstjerren fan Anita Andriesen. Ien fan syn belangrykste dossiers wie Thialf. Nei de ferkiezings yn maart wie er gjin deputearre mear, mar steatelid.

Konst wurdt opfolge troch Marja van der Meer út Ingelum. Se is polityk aktyf yn Menameradiel. Se begjint op 16 desimber yn de Steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)