Hans Flaman lûkt him werom

19 maaie 2006 - 20:05

Hans Flaman fan de PvdA Menameradiel lûkt him definityf werom as kandidaat- wethâlder. Dat hat er freed sein, yn reaksje op in moasje dy't tongersdei oannaam is yn de gemeenteried.

In mearderheid fan de ried wol Flaman net as wethâlder. Flaman is bot teloarsteld oer de hâlding fan ûnder oare de beëage kolleezjepartij FNP. Ek dy stimde tsjin syn kandidatuer. Freedtejûn wurdt yn in ledegearkomste fan de PvdA wer praat oer de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)