Hans Anders past kampanje oan

05 sep 2008 - 16:14

Brilleketen Hans Anders hat syn reklame oanpast troch in flater fan Omrop Fryslân. Sûnt moandei hat de Omrop in reklamespot útstjoerd dêr't yn oankundige wurdt dat de prizen fan de brillen flink omleech gien binne.

Dy reklamespot wie lykwols al twa jier âld en is troch in flater wer yn de reklameblokken fan de Omrop telâne kommen. De Fryske filialen fan Hans Anders waarden lykwols oerstjelpe mei fragen nei de aksje. Hans Anders hat de prizen yn Fryslân tydlik oanpast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)