Hannie Palmen moat betelje

12 jul 2007 - 11:16
  • Hannie Palmen, doe't se noch SP-Steatelid wie

It eardere SP-Steatelid Hannie_Palmen moat fan 'e rjochtbank 40.000 euro werombetelje oan 'e provinsje. Se hie dat jild as foarskot krige om har fraksje-assistint mei te beteljen. Mar se brûkte it jild foar in part foar harsels. . Palmen stapte yn 2005 op as Steatelid. Der binne ôfspraken mei har makke oer it werombeteljen fan it foarskot. Dy is se net neikaam en dêrom spande de provinsje in rjochtsaak tsjin har oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)