Hannie Mein-priis foar Hellegers

22 maaie 2006 - 09:11

De earste Hannie Mein-keunstpriis is sneon útrikt yn Wolvegea. byldzjend keunstner Guus Hellegers fan Steggerda is de winner. De priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt en is neamd nei Hannie Mein fan Finkegea.

Dizze keramiste is yn 2003 ferstoarn. By de priis heart in bedrach fan 2000 euro, en in keramykobjekt dat troch Hannie Mein makke is. Noch 36 oare keunstners wiene yn de race foar de priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)