"Hannie Haanstra deabeukt"

20 des 2011 - 12:44

De 48-jierrige Hannie Haanstra út Drachten is neffens it Iepenbier Ministearje letterlik deabeukt. Dat waard tiisdei sein by de behanneling fan de rjochtsaak. Haanstra waard begjin septimber swier mishannele by himsels foar hûs. Hy ferstoar letter yn it sikehûs oan 'e ferwûnings.

De fertochten binne in heit en twa soannen út Drachten. De jonges fan 16 en 18 jier moatte opnaam wurde yn in klinyk foar psychiatryske observaasje, hat de rjochtbank bepaald. De plysje hat slachwapens mei bloed fan it slachtoffer fûn. It giet om in bûslampe en in stik hout mei metaal deryn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)