Hannes ynkoarten frijlitten

12 okt 2004 - 13:21

It seehûntsje Hannes sil yn twa of trije wike frijlitten wurde. Dat seit Lenie 't Hart fan Seehûnekresj Pieterburen dêr't Hannes op it stuit fersoarge wurdt.

Meiwurkers fan de seehûnekresj wisten Hannes begjin septimber yn Dalfsen út de Vecht te rêden, nei't it seehûntsje in 4-daachse tocht fan 80 kilometer út Dútslân derop sitten hie. De Dútse bistetún yn Nordhorn, dêr't Hannes út ûntsnapt is, wol him wer werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)