Hannes Scherjon wint NFM

31 jul 2006 - 11:23

Hannes Scherjon wûn sneontejûn de Nasjonale Fierljep Manifestaasje op It Heidenskip. De junior fan Noardburgum wûn net alline syn kategory, mar mei 19,02 meter ljepte hy ek de fierste ôfstân fan de dei.

By de senioaren gong de titel nei Theo van Kooten fan Driebruggen (18,80). Alwin Fonk fan Burgum wûn by de jonges (16,86), Wendy Helmes fan IJsselstein by de froulju (14,16) en Rudi Walta (Warkum) by de feteranen (15,28).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)