Hannes Scherjon wint Drylts

08 aug 2007 - 23:47
  • Hannes Scherjon wûn woansdei it fierljeppen yn Drylts (foto Martin de Jong)

Hannes Scherjon hat woansdeitejûn it fierljeppen yn Drylts wûn. Op de generale ljepperij foar it Frysk kampioenskip sneon yn Winsum sprong de Noardburgumer 19.30 meter. Dat wie in nij skânsrekord. Bart Helmholt fan Hurdegaryp waard twadde mei 19.19.

Jacob Scherjon fan Burgum wûn mei in machtige 18.28 meter by de junioaren. De winst by de froulju wie foar Anna Jet Leyenaar fan Snits en Alwin Fonk fan Burgum by de jonges.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)