Hannes Scherjon wint Bûtenpost

04 aug 2007 - 23:12
  • konsintraasje by Hannes Scherjon (foto Martin de Jong)

Hannes Scherjon fan Noardburgum hat sneon it fierljeppen yn Bûtenpost wûn mei in sprong fan krekt 19.00 meter. Twadde wie Oane Galama van It Heidenskip mei 18.72 meter. Bart Helmholt fan Hurdegaryp waard trêdde.

By de junioaren gie de oerwinning nei Jacob Scherjon fan Burgum mei 17.52 meter. By de jonges wie Alwin Vonk, ek út Burgum, de bêste mei 17.42 meter. Anne Jet Leyenaar út Snits wûn by de froulju. Sy sprong 14.37 meter

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)