Hannes Scherjon pakt rekord

03 aug 2006 - 12:42

Fierljepper Hannes Scherjon fan Noardburgum hat tiisdeitejûn it Nederlânsk rekord by de junioaren pakt. Yn Burgum ljepte Scherjon nei in ôfstân fan 19.72. De Hollanner Jacco de Groot hie it rekord yn hannen mei 19.30.

Hannes Scherjon bleau mei syn prestaasje mar krekt efter it senioarerekôrd fan Bart Helmholt. Dy bliuwt foarearst de ljepper dy't it fierst sprong hat: 19.77.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)