Hannemahuis keapet unyk skilderij fan Nicolaas Baur

02 des 2015 - 15:05

It Hannemahuis hat op in ynternetfeiling in skilderij kocht fan de Harnzer skilder Nicolaas Baur. It skilderij fan de Franekerpoort is makke yn 1813. It doek stie ein ferline wike op Ebay en waard oanbean troch in Italiaanske keunsthanneler.

Op it skilderij stiet de poarte mei de stedswâl en wat no de Ingelske tún is. Fan de poarte, dy't yn 1838 ôfbrutsen is, binne net folle plaatsjes, en skilderijen wienen oant no ta net bekend. It skilderij is 20 by 26 sintimeter. It gemeentemuseum yn Harns soe sa'n 4.000 euro betelle ha.

It nij oankochte skilderij soe goed in pendant wêze kinne fan in skilderij dat it museum yn 1995 kocht. Ek dat is fan Nicolaas Baur en stelt it bolwurk yn Frjentsjer foar mei op de achtergrûn de Ljouwerter wetterpoarte.

Nicolaas Baur

Nicolaas Baur is yn 1767 yn Harns berne as soan fan Henricus Antonius Baur. Heit Baur wie portretskilder en keunsthanneler. Syn winkel is neiboud yn de foarkeamer fan it Hannemahuis. Nicolaas begûn syn karriêre mei behingskilderingen, mar waard benammen bekend mei maritime foarstellingen. Ek skildere er geregeld stedsgesichten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)