Hannelwize Bandstra ôfkard

30 maaie 2001 - 00:00

GrienLinks, FNP en de Aldereinpartij hawwe tiisdei yn Nijefurd in moasje fan ôfkarring yntsjinne tsjin it CDA-riedslid Siep Bandstra. Bandstra kaam twa wike lyn yn opspraak om't er yllegaal in wenarke dellein hie yn 'e Alde Karre.

Neffens de partijen wurdt it oansjen fan de gemeentried ûndermine troch de aksje fan Bandstra. Alle partijen stimden foar de moasje, útsein Bandstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)