Hannelsmisje NHL nei Súd-Korea

28 aug 2012 - 20:58
  • NHL yn Ljouwert

Hegeskoalle NHL yn Ljouwert sil mooglik in wichtige rol spylje yn de saneamde gaming-yndustry fan Súd-Korea. Op dit stuit bringt in delegaasje fan de hegeskoalle in besite oan it Aziatyske lân om de mooglikheden fan gearwurking mei bedriuwen en universiteiten te ûndersykjen. De NHL is ekspert op it mêd fan 'serious gaming'. Dat binne spultsjes dêr't minsken wat fan leare kinne.

De hannelsmissy bestiet út in oantal wurkbesites en der wurdt meidien oan in pilotprojekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)