Hanneler yn harddrugs oppakt

28 apr 2009 - 10:02

Yn in wenning yn Dokkum hat de plysje moandei in man (24) en in frou (17) oanholden. De man wurdt fertocht fan it hanneljen yn harddrugs. Yn syn wenning waarden tsientallen pillen, 130 gram speed en in fjoerwapen fûn.

De plysje hat earder dizze moanne ek al in 43-jierrige frou út Dokkum oanhâlden dy't fertocht wurdt fan drugshannel. Undersyk moat útwize oft dizze saken meielkoar te krijen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)