Hannel yn weidfee wike útsteld

01 maaie 2003 - 00:00

Boeren en feehannelers moatte noch in wike langer wachtsje foar't se weidfee ferhannelje kinne. De hannel soe oars no freed wer los op de Ljouwerter feemerk. Steatssekretaris Odink fan Lânbou hie dat tasein.

Sûnt de tongblierkrisis twa jier lyn wie de hannel ferbean. Om't de brief fan Odink der noch net is, doare de feehannelers noch net los mei de hannel yn weidfee. Se hoopje dat it takom wike wol safier is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)