Hannel yn softdrugs yn Snits

14 mrt 2009 - 14:04

De plysje hat de ôfrûne nacht twa Snitsers fan 21 en 19 jier oanholden omdat se fertochte wurde fan it hanneljen yn softdrugs. De plysje wie warskôge troch in foarbygonger, dy't it net fertroude dat de beide manlju oaren oansprutsen yn de Lytse Tsjerkestrjitte yn Snits.

De 21-jierrige man hie mearders pûdsjes by him, dêr't nei alle gedachten drugs yn sieten. De beide manlju binne meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)