Hannah Fleur wint keunstpriis

10 nov 2010 - 20:00
  • De tsien dielnimmers fan de masterclass

De 12-jierrige Hannah Fleur út Frjentsjer hat de OladieCoba priis wûn. Dat is in keunstpriis foar skoalbern dy't dit jier yn it libben roppen is troch de stifting Coba de Groot yn Frjentsjer.

Tsien talintfolle bern fan ferskillende basisskoallen krigen de kâns om yn it ôfrûne jier in masterclass fan keunstner Lolkje van der Kooi te folgjen. De wurken fan alle tsien binne dizze wike yn Museum Martena yn Frjentsjer te besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)