Hânkompjûter yn de thússoarch

10 mrt 2006 - 14:05

Alle sawat 500 meiwurkers fan Thússoarch Súdwest-Fryslân krije tenei in hânkompjûter mei. Mei dy kompjûter moat de planning ferbetterje.

No komme der noch in hiel soad ferskillende minsken fan de thússoarch by de klanten del. Dy fine dat faak ferfelend. De klanten wolle ek better witte wannear't ien fan de thússoarch komt. Oare thússoarchorganisaasjes yn Nederlân wurkje al langer mei it systeem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)