Hânhaveners Súdwest-Fryslân meie fertochten tenei fûillearje

01 des 2015 - 13:30
  • Fouilleren

Amtners fan it team hânhavening fan de gemeente Súdwest-Fryslân meie fan kommend jier ôf minsken fûillearje. Se krije derneist hânboeien en drage festen dy't harren beskermje tsjin messestekken.

De gemeente seit dat de maatregels bedoeld binne om de feiligens fan de meiwurkers te ferbetterjen. It hânhaveningsteam soarget foar de feiligens en leefberens op strjitte en pakt oerlêst oan. Derneist wurde se by eveneminten ynset om bygelyks it ferkear te regeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)