Hânfol gemeenten mei jildpine

16 des 2008 - 19:26

It is wis dat fiif Fryske gemeenten grutte finansjele problemen hawwe. Se hawwe noch wol in slutende begrutting by de provinsje ynleverje kinnen, mar dat slagge allinne omdat de útkearing út it gemeentefûns heger útfalt as ferwachte.

Deputearre Sjoerd Galema wol net sizze hokker gemeenten jildproblemen hawwe. De gemeente Boarnsterhim is de iennichste gemeente yn Fryslân dy't takom jier ûnder finansjeel tafersjoch stiet. Ek dit jier is dat al it gefal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)