Haneke iepener filmfestival

18 okt 2009 - 17:29
  • út Das weisse Band

De film Das weisse Band fan Michael Haneke is de iepener fan it kommende Noardlik Filmfestival yn Ljouwert. De film is dit jier op it festival fam Cannes bekroand mei in Gouden Palm. It Noardlik Filmfestival is fan 11 oant en mei 15 novimber. Das weisse Band hat noch net earder yn 'e bioskopen draaid.

Op it filmfestival yn Ljouwer draaie films en dokumentêres út ûnder oare Skandinavië, Midden-Amearika en Azië. Der binne ek nije media en workshops.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)