Handikapten rêde winkel

17 sep 2004 - 13:49

Ferstanlik handikapten soargje derfoar dat Toppenhuzen in supermerk hâldt. De âlde winkel soe ticht om't de eigner dermei ophâldt. Mar de sluting hoecht no net mear.

Yn de nije supermerk gean seis minsken mei in ferstanlike handikap oan it wurk, tegearre mei trije gewoane wurknimmers. Njonken Wurdum en Aldeberkeap is dit de tredde supermerk fan soarchynstelling Talant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)