Handikapten meie drugs brûke

19 apr 2005 - 07:57

Soarchynstelling Talant kin en wol syn kliïnten it brûken fan hasj en wiet net ferbiede. Talant is ferantwurdlik foar de soarch fan ferstanlik handikapten. De kliïnten wenje yn ynstellings lykas Borneroord yn Beetstersweach.

Op dit stuit wurdt der by Talant yntern diskusjeard oer it brûken fan drugs. Under de kliïnten komt it blowen sporadysk foar. Ynstee fan it blowen te ferbieden, kiest Talant der foar om de kliïnten te begelieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)