Handikapten De Jouwer krije jild

01 apr 2006 - 12:38

In projekt foar yntegraasje fan ferstanlik handikapten op 'e Jouwer hat 2500 euro krigen fan it Oranjefûns. Soarchynstelling Talant en wolwêzensorganisaasje Miks binne der twa jier ferlyn mei begûn.

Ferstanlik handikapten yn 'e wyk Suderfjild wurde belutsen by aktiviteiten yn de buert. Se wurkje bygelyks as frijwilliger by it pjutteboartersplak, de jeu de boules- feriening en by de Ballonfeesten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)