Handikapte stekt ober del

09 maaie 2006 - 17:54

In pasjint fan ynstelling Zevenakkers yn Appelskea hat sneontejûn yn in restaurant yn Assen in ober delstutsen. Zevenakkers is in ynstelling foar ferstanlik handikapten mei gedrachsstoarnissen en psychyske problemen.

In groep fan seis wie sneon mei twa begelieders yn Assen. Dêr giene se te swimmen en dêrnei soene sy yn in restaurant noch wat ite. Dêrby stuts ien fan de pasjinten in ober del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)