Handikapte bewenners socht

27 maaie 2008 - 13:47

De stichting Fokus siket bewenners foar 16 apparteminten by Sportstad Heerenveen. De apparteminten binne foar minsken mei in lichaamlike beheining. Mocht der genôch belangstelling wêze dan set de bou fan de apparteminten meikoarten út ein.

It plan waard trije jier lyn al presintearre. Nei dy presintaasje foel de bedoelde lokaasje ôf en moast socht wurde nei in nij plak. Dat is fûn oan de râne fan Sportstad Heerenveen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)