Handelsdrukkerij 1874 fallyt

28 nov 2000 - 11:21

De Handelsdrukkerij 1874 yn Ljouwert sit yn swier waar. It memmebedriuw yn Meppel hat it fallissemint oanfrege. De drukkerij kin de leanen fan 'e tachtich wurknimmers net mear betelje.

Fakbûn CNV beskuldiget it memmebedriuw derfan de opdrachten sels te hâlden. Ferkeap kin de drukkerij rêde. It soe dan as selsstannich bedriuw fierder moatte, sa seit it CNV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)