Hânballers Stiens winne

25 mrt 2006 - 12:06

De hânballers fan Stiens hawwe freed de ynhelwedstriid tsjin Combinatie 64 mei 32-24 wûn. Troch dizze winst bliuwe de Stienzers op koers foar it kampioenskip yn de Regio Klasse A. Stiens kin snein kampioen wurde as der yn de thúswedstriid wûn wurdt fan Hazewind.

De kampioenswedstriid Stiens-Hazewind wurdt snein om 14.05 oere spile yn Sporthal It Gryn yn Stiens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)