Hânbalfroulju begjinne goed

06 des 2005 - 11:32

De Nederlânske hânbalfroulju binne goed begûn oan it wrâldkampioenskip yn Sint Petersburg. De ploech mei keepster Jokelyn Tienstra fan Sint Jabik wûn ferrassend fan Kroaasje mei 29-27.

Nederlân begûn min oan de wedstryd, mar troch goed keeperswurk fan Tienstra koene de froulju de skea beheind hâlde. Pas let yn de twadde helte koe Nederlân de oerwinning feilich stelle. Kroaasje is in belangryke konkurrint op dit kampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)