Hampelman ferspilet rydbewiis

30 maaie 2014 - 10:16
  • Rydbewiis

In man (72) út de gemeente Eaststellingwerf is tongersdei syn rydbewiis kwytrekke neidat er op de Stasjonswei yn Drachten hast foar twa ûngelokken soarge. De man ried slingerjend oer de dyk en soarge foar in gefaarlike situaasje. Hy koe troch omstanners tsjinholden wurde. De plysje waard warskôge en naam de man mei nei it buro. Dêr waard syn rydbewiis ynnaam.

De man hie gjin drank op. It CBR sil no besjen oft de man noch yn steat is om in auto te bestjoeren. De Eaststellingwerver is troch de plysje wer nei hûs ta brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)