Hamburgers fan kamielefleis

13 apr 2013 - 14:03
  • Broadsje kamiel
  • Priuwen fan broadsje kamiel
  • Op de Skrâns stapte sneontemiddei in kamiel om

In slachter oan de Skrâns yn Ljouwert ferkeapet sûnt sneon broadsjes kamiel. It fleis komt út Australië. Dêr bestiet de grutste keppel wylde kamielen fan de wrâld.

De kamieleburgers lykje op de ferneamde hamburgers mei slaad, sipels en tomaat, mar it kowefleis is no ferfongen troch fleis fan de kamiel. De slachter oan de Skrâns tinkt dat it broadsje in grut súkses wurdt. It fleis is wat swieter as kowefleis en je wurde der net grou fan. Foarbygongers koene ek stikjes kamielefleis priuwe. De measte reaksjes wiene optein.

Om it nije produkt te promoatsjen stapte der ek in echte kamiel op de Skrâns om. De slachter is nei alle gedachten de earste of ien fan de earsten fan Nederlân dy't in broadsje kamiel ferkeapet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)