Hamburger wer yn Boatrace

02 apr 2010 - 16:33
  • Sjoerd Hamburger oan 'e Thames (foto: Omrop Fryslân)

Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap docht sneon foar de twadde kear op rige mei oan de roeiklassiker tusken de universiteiten fan Oxford en Cambridge. Dêrmei is er de earste Nederlanner dy't twa kear oan dizze wedstriid meidocht.

Hamburger studearret yn Oxford en is dit jier ek president en oanfierder fan de roeiploech. Ferline jier wûn it team fan Oxford mei oermacht. Hamburger is de iennige fan dy ploech dy't dit jier wer meidocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)