Hamburger net yn 'e finale

30 aug 2007 - 11:24

It is Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap net slagge om him te pleatsen foar de finale fan it wrâldkampioenskip roeien yn München. Hamburger waard tongersdei fjirde yn de heale finale. Allinnich de bêste trije geane troch nei de finale fan kommende sneon.

Hamburger sit no yn de B-finale, dy't ek sneon fearn wurdt. Hamburger moat dêryn op syn minst fyfde wurde om him te pleatsen foar de Olympyske Spullen fan takom jier yn Sina.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)