Hamburger nei heale finale WK

22 aug 2006 - 20:59

Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap hat him tiisdeitemoarn pleatst foar de heale finale fan 'e wk roeien yn it Ingelske Eton. Yn 'e saneamde twadde kâns-race foar de skiffs iepen klasse weefde Hamburger (23) maklik ôf mei konkurrinten út Argentinië, Roemenië, Hongarije en Italië. Hamburger wûn.

De Argentijn Santiago Fernandez waard twadde op in achterstân fan trije boatlingtes. De heale finales binne no tongersdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)