Hamburger by Mannen Acht

19 maaie 2009 - 06:26
  • Sjoerd Hamburger

Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap is lid wurden fan de Mannen Acht fan de Nederlânske roeiploech. Ein dizze moanne giet er mei nei Spanje foar de earste wrâldbekerwedstryd.

Hamburger wie skiffeur en hat yn dy boat ek meidien oan de Olympyske Spelen yn Sina. Hy waard doe útskeakele yn de kwartfinales. Ein maart die er yn Ingelân mei oan de ferneamde twastriid tusken de teams fan de universiteiten fan Oxford en Cambridge. Hamburger wûn, mei Oxford.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)