Hamburger: Londen einstasjon

01 sep 2010 - 17:43

Sjoerd Hamburger hâldt nei de Olympyske Spelen fan 2012 yn Londen op mei roeien. Hy wol noch ien kear alles jaan foar in Olympyske medalje en fynt it dan moai west. Hamburger is selektearre foar de Holland-acht, dy't takom wike meidocht oan it EK yn Portugal. Letter dit jier (novimber) is ek noch it WK yn Nij-Seelân.

Ek yn de dûbelfjouwer sjocht Hamburger kânsen op in Olympyske medalje. Hy wol nei it WK mei de Holland-acht in kar meitsje tusken de beide boaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)