Hamburger lêste mei Hollân 8

01 sep 2011 - 13:28
  • Sjoerd Hamburger

It is roeier Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap net slagge om mei de Hollân Acht in medalje te pakken op it WK roeien. De ploech waard yn de finale teloarstellend sechde en lêste. Op foarhân tocht Hamburger noch dat de boat kâns makke op earemetaal.

Fuort by de start rekke de Hollânske boat al achter op benammen Dútslân en Ingelân. Dat koe net mear goed makke wurde. Dútslân waard úteinlik ek wrâldkampioen, foar Ingelân en Kanada. It WK is yn it Sloveenske Bled.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)